25.000ste gast yn bunker Skier

18 aug 2013 - 16:08
  • 25.000ste besiker bunkermuseum Skier

It Bunkermuseum op Skiermûntseach hat de 25.000ste besiker lutsen. Wibe van der Pol en syn gesin en in freon wienen snein de lokkigen. Se krigen blommen, in boek en binne fergees in jier lang stiper fan it bunkermuseum.

Fjouwer jier lyn is it museum iepene. It wurdt eksploitearre troch Stichting Bunkermuseum Schlei dy't as doel hat om guod en kennis oer de Twadde Wrâldoarloch fan Skier te sammeljen en te bewarjen.

It materiaal is te sjen yn de Seeburgbunker, dy't yn de oarloch as kommunikaasjebunker fungearre en ynformaasje nei de Ljouwerter fleanbasis stjoerde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)