'Friezen binne gelokkich'

Fytser mei blommen achterop © ANP
Friezen fine har eigen provinsje gelokkiger as oare provinsjes. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Staatsloterij, nei hoe't minsken gelok belibje. Sa'n 80% fan de Friezen seit dat se gelokkich binne. En se wolle dat ek graach diele mei oaren. Twatredde fan de Friezen jout graach in boskje blommen oan in oar. Fjouwer op de tsien Friezen leit wolris wekker oer jild, docht bliken út it ûndersyk fan de Staatsloterij.