Himmelaksje op Waadeilannen

18 aug 2013 - 09:52

De kommende dagen binne frijwilligers dwaande de strannen fan de Waadeilannen skjin te meitsjen. It giet om in inisjatyf fan de Stichting Noordzee, dy't dwaande is de hiele Noardseekust te himmeljen. Doel fan de aksje is om minsken sjen te litten wat der allegear oan troep yn see en op de strannen leit. De stifting wol it ôffalprobleem ek yn kaart bringe. It team rint yn 24 dagen tiid 350 kilometer. De himmelders binne moandei op Flylân, en de dagen dêrnei op Skylge, It Amelân en Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)