Oane Galama wint Gryptsjerk

17 aug 2013 - 18:23

Oane Galama hat mei in sprong fan 20.09 de lêste wedstriid fan de fierljepkompetysje wûn. Yn Gryptsjerk hiene de ljeppers it dreech mei de sydwyn. Bart Helmholt slagge der net yn om syn klassemint fol te springen mei 20 meter ôfstannen. Ek de oanfal op syn nasjonale rekôr (21.51) slagge net.

By de junioaren wie Age Hulder fierwei de fierste mei 19.81, in skânsrekôr. Syn suske Lisanne wûn by de froulju mei 15.69. Jelmar Wijnstra pakte syn tredde deititel yn ien wike. No wûn er mei 16.78 by de jonges.

Bart Helmholt, Age Hulder, Lisanne Hulder en Bobby Zwaagman waarden de klassemintswinners fan 2013. Kommende woansdei wurdt der noch ljept yn Drylts om de Fryslân Cup. Sneon is yn Polsbroekerdam yn de provinsje Utrecht it Nederlânsk kampioenskip.

Trefwurden: 
fierljeppen Gryptsjerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)