Brân yn loads Dolsterhuzen

17 aug 2013 - 15:47
  • Brân Dolsterhuzen

By in grutte brân by in boerebedriuw oan de Trekkerswei yn Dolsterhuzen is sneon in opslachloads mei materieel en hea folslein ferlern gean. De skea rint yn de tonnen. De brânwacht hie it fjoer krekt nei healwei fiven ûnder kontrôle. Der binne trije eksploazjes heard, nei alle gedachten gasflessen dy't yn de opslach stienen. Fanwege it eksploazjegefaar en de reek is de dyk ôfsletten. De brânwacht rukte grut út. De korpsen fan It Hearrenfean, Wolvegea, De Lemmer, De Jouwer en Skerpenseel wienen oproppen. Net ien rekke ferwûne.

De brân is nei alle gedachten ûntstien by wurksumheden yn de loads.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)