Bêste swimbad yn Wytmarsum

swimbad © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is foar it twadde jier op rige útroppen ta it bêste swimbad fan Fryslân. Yn de Zwembad van het Jaar-ferkiezing krige it swimbad 304 stimmen. De wurdearring is in 9,15. Swimbad de Sawn Stjerren út Hallum krige mei 9,35 in hegere wurdearring, mar krige mar 64 stimmen. Om winne te kinnen, binne minimaal 100 stimmen nedich. Swimbaden De Klomp yn Wommels en De Dobbe yn Noardwâlde binne twadde en tredde wurden. Op 31 augustus wurdt bekend makke wa't de lanlike finale wûn hat.