Guozze-akkoart net iepenbrekke

17 aug 2013 - 12:49

It guozze-akkoart tsjin de oerlêst fan guozzen wurdt net iepenbrutsen. Dat seit FNP-deputearre Johannes Kramer. Hy reagearret dêrmei op de oprop fan wyldbehearder Leo van Malsen oan boeren om ûntheffing oan te freegjen, sadat winterdeis ek guozzen ôfsketten wurde meie. Neffens dat akkoart, dat ferskate ynstânsjes mei elkoar ôfpraat ha, mei dat net want dan wurde de guozzen mei rêst litten. Tsientallen boeren yn Fryslân binne foar it plan om ek yn de winter guozzen ôf te sjitten om't se in soad skea fan de oerwinterjende guozzen.

Deputearre Kramer hat wol begryp foar de soargen fan de boeren, mar is der bliid mei dat de guozze-oerlêst yn de simmer yn alle gefallen wol oanpakt wurde mei. De resueltaten fan de simmerbestriding wurde goed folge.

Trefwurden: 
guozzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)