Soarchsintrum op De Jouwer

17 aug 2013 - 12:05
  • Alde postkantoar De Jouwer wurdt mooglik soarchsintrum

De Jouwer krijt mooglik in soarchsintrum. Yn it eardere postkantoar oan De Merk wol in tal húsdokters en de apoteek sa'n sintrum begjinne. It soarchplein op 'e Lemmer kin as foarbyld tsjinje, sa seit direkteur Wouter van der Kam fan it Antonius Sikehûs yn Snits, dat fia de thússoarch oer de plannen meipraat. It is neffens him net de bedoeling dat De Jouwer in eigen polyklinyk krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)