Kiosk fan KH 2018 iepene

17 aug 2013 - 11:48
  • Kiosk KH 2018
  • Kiosk KH 2018

Op de brêge by de Achmeatoer yn Ljouwert is de kiosk fan de Kulturele Haadstêd 2018 iepene. De kommende wiken sil in promoteam dêr ynformaasje en aardichheidsjes útdiele. Ljouwert stiet yn 'e finale yn 'e striid om Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 te wurden. Oare gadingmakkers binne Maastricht en Eindhoven. Op 6 septimber wurdt bekend wa't de Kulturele Haadstêd wurdt. Oant dy tiid stiet it promoteam op de Prins Hendrikbrêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)