Gjin gefolgen reisadvys Egypte

17 aug 2013 - 11:35
  • Reisburo Internoord yn Ljouwert

It negative reisadvys foar Egypte fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken hat eins gjin gefolgen foar de Fryske reisburo's. Der binne op dit momint net in soad Friezen mei fakânsje yn Egypte om't it dêr no te hyt is. It lân is dêrom in winterbestimming. De reisburo's boeke de measte reizen nei Egypte yn de perioade fan novimber oant april. As de sitewaasje yn Egypte sa ûnrêstich bliuwt as no, sil it yn de winter foaral drokker wurde op de Kanaryske Eilannen, sa ferwachtsje de reisburo's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)