Utnaaid nei kontrôle

In Ljouwerter (23) is freedtemiddei útnaaid foar de plysje. Plysjes setten yn Ljouwert de auto dêr't de man yn ried oan de kant foar in kontrôle. It die bliken dat de bestjoerder dronken hie. Om't er syn rydbewiis net sjen litte koe, is dat kontrolearre en waard dúdlik dat de man gjin rydbewiis hie. Ynienen naaide er út, mar de plysje koe him letter by syn hûs oanhâlde. Hy hat proses-ferbaal krigen om't syn rydbewiis ûnjildich ferklearre wie.