Reizgers fêst yn trein

Ien fan de lytsere spoartrajekten yn Fryslân
Sa'n 50 reizgers hawwe freedtejûn tusken Ljouwert en Grins hast in oere fêstsitten yn in defekte trein fan Arriva. By Visvliet koe de trein net fierder ride fanwege in technyske steuring yn ien fan de treinstellen. Mei help fan de brânwacht binne de reizgers oerbrocht nei in oare trein. Nei oardel oere koe de trein wer fierder ride. It treinferkear hat al dy tiid stillein.