Wapens fûn by fûillearaksje

17 aug 2013 - 08:02
  • Plysje-embleem

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn yn it sintrum in fûillearaksje hâlden. Der binne njoggen messen, in werpstjer en ferskate oare saken dy't as wapen brûkt wurde kinne yn beslach naam. De plysje warskôget stappers om gjin wapens mei te nimmen. Der wurdt altyd bekeurd en mei de hoareka binne ôfspraken makke dat de plysje warskôge wurdt sa gau as der in wapen fûn wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)