Westra 8ste yn Eneco tiidrit

16 aug 2013 - 21:14

Lieuwe Westra is yn de fiifde etappe fan de Eneco Tour, in tiidrit oer 13,2 kilometer, achtste wurden. Pieter Weening waard fyftjinde. Westra moast yn Sittard-Geleen 17 sekonden tajaan op de Frânske winner Sylvain Chavanel. Weening die der 26 tellen langer oer. Yn it algemien klassemint is Lars Boom de lieder. Pieter Weening is fyftjinde op in heale minút, Lieuwe Westra is 22e op 48 sekonden. Sneon en snein feroaret der noch in protte yn it klassemint. Dan stean de twa heuveletappes yn België op it programma.

Lieuwe Westra sil dit jier ek útkomme yn de Ronde fan Spanje. De Vuelta begjint op sneon 24 augustus en duorret oant snein 15 septimber. Dêrnei komt it wrâldkampioenskip yn Italië. Lieuwe is al wis fan it riden fan de tiidrit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)