A32 ticht troch ûngelok

16 aug 2013 - 20:38
  • Ungelok op A32

It ûngelok freedtejûn op de A32 by Akkrum is feroarsake troch Ljouwerter dy't tefolle dronken hie. De man ried mei mear as 140 kilometer yn de oere yn de rjochting fan Ljouwert en botste by Akkrum op de auto foar him. Hy ferlear de macht oer it stjoer en kaam in pear hûndert meter fierderop ta stilstân. De man is meinaam nei it buro en dêr die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy moat yn septimber foar de rjochter komme. By de oanriding binne ek noch oare auto's rekke, ek de dyk en de fangrail yn de middenberm rekken fernield.

De dyk hat oant in oere as alve jûns ôfsletten west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)