Earste toarnbeien útrikt

It Brommelwyfke rikt de toarnbeien út
Boer Henk van der Boon út Twizelerheide hat freed de earste toarnbeien fan it seizoen útrikt krigen fan it Brommelwyfke. Dat barde yn Jistrum. It toarnbeifestijn Brommels! set elts jier immen yn it sintsje dy't wat bysûnders dien hat foar de streek. Van der Boon hat in sûn melkfeebedriuw. Dêrneist hat er noch 47 hektare grûn mei houtwâlen en elzesingels.
Neffens Lânskipsbehear Fryslân komt hjir nochal wat by sjen, mar slagget de boer dêr goed yn om fan beide in súkses te meitsjen.
It Brommelfeest fynt takom wykein plak yn Burgum, Noardburgum, Jistrum en Eastermar. Op acht lokaasje kinne toarnbeien plukt wurde en wurde ferskate aktiviteiten organisearre.