Swimbaden reagearje skrokken

Eksploitant Optisport fan it Boalserter swimbad Vitaloo is skrokken fan it foarnimmen fan de gemeente Súdwest-Fryslân om it swimbad yn 2018 ôf te stjitten. Optisport waard tongersdei ynformearre oer dit plan troch it kolleezje fan b. en w. fan Súdwest-Fryslân.
Ek it Snitser bûtenswimbad It Rak giet definityf ticht. Boppedat wol de gemeente 10% besunigje op de subsydzje fan iepenloftwimbad Mounewetter yn Wytmarsum. Ponghâlder Harry Kuipers fan Mounewetter fynt dat net ûnridlik. Neffens him kin syn swimbad in lytse besuniging wol opfange.
Neffens regiomanager Evert-Jan Siderius fan Optisport wolle de Boalserters harren swimbad net heal misse. Hy fernimt dat ek oan it tal besikers. Dat wiene der ferline jier sa'n 63.000. Siderius giet der dan ek fanút dat Boalserters noch wol protestearje sille tsjin it plan.
De gemeente Súdwest-Fryslân wol yn de takomst 370.000 euro besunigje op de swimbaden yn de gemeente. De gemeenteried moat him noch útsprekke oer it swimbadplan.