Tûvalûanen binne yn Fryslân

16 aug 2013 - 14:52

De nasjonale fuotbalseleksje fan Tûvalû is freed oankaam op It Hearrenfean foar in trainingskamp. De fuotballers ferbliuwe dêr in wike en sille traine op it kompleks fan v.v. Nijskoat. Nije wike geane de Tûvalûanen foar in wike nei Akkrum foar in trainingskamp. It doel fan de lanlike trainingstoer fan yn totaal trije moanne is folweardich lid te wurden fan it wrâldfuotbalbûn FIFA.

Snein bringe de Tûvalûanen in besite oan de wedstriid SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo. Se sille yn it skoft fan de wedstriid in dûns- en sjongoptreden jaan.

De wedstriid is in hiel avontoer foar de mannen. Yn it Abe Lenstrastadion passe mear as twa kear safolle taskôgers as der Tûvalûanen binne. Op de acht eilannen wêrút Tûvalû bestiet, wenje meielkoar 11.000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)