Basisplak Hemmen en Ritzmaier

16 aug 2013 - 13:36
  • Michiel Hemmen

Michiel Hemmen en Marcel Ritzmaier begjinne sneon foar it earst dit seizoen yn de basis by Sportklup Cambuur. Ek Oebele Schokker keart tsjin FC Grins werom yn de begjinopstelling. De trije kamen tsjin Roda JC as ynfallers yn it fjild en dêrnei begûn it better te rinnen by de Ljouwerters. Dat betsjut dat Mart Dijkstra, Oliver Feldballe en Martijn Barto op de bank begjinne.

Cambuur giet tsjin FC Grins op jacht nei de earste doelpunten fan dit seizoen en dêrmei hoopje se ek de earste oerwinning te pakken. Grins wûn syn earste beide wedstriden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)