SWF besuniget op swimbaden

16 aug 2013 - 12:43

De gemeente Súdwest-Fryslân wol it swimbad Vitaloo yn Boalsert en it bûtenbad fan swimbad It Rak yn Snits slute. Dat stiet yn in útwurke plan om 370.000 euro te besunigjen op de swimbaden yn de gemeente. Ek wurdt de subsydzje oan it iepenloftswimbad Mounewetter yn Wytmarsum yn trije jier mei 10 prosint werombrocht.

Yn it plan fan Súdwest-Fryslân wurdt yn totaal 840.000 euro op de sport besunige, wêrfan 370.000 op de swimbaden. De gemeenteried nimt 12 septimber in beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)