Tsjûgen socht fan boustellerij
De plysje siket tsjûgen fan in stellerij fan isolaasjepakketten by in bou-opslach op it Dragoonsplein yn Ljouwert. Unbekenden namen yn de nacht fan tongersdei op freed tsientallen pakketten mei.
Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje fia it algemien tillefoannûmer: 0900-8844.