Groeiende huzeferkeap yn july

16 aug 2013 - 11:16

De ferkeap fan wenningen yn Fryslân wie yn july dit jier sa'n 16% prosint heger yn fergelyk mei july 2012. Ofrûne moanne feroaren 344 wennings yn Fryslân fan eigner. In jier lyn wiene dat der krekt gjin 300. Dat docht bliken út sifers fan it Kadaster, dy't hjoed publisearre binne.

Foaral tuskenwennings diene it goed de ôfrûne moanne. Yn fergelyk mei juny fan dit jier binne der sels 30% mear huzen ferkocht yn Fryslân. Yn juny bleau de teller op 260 wenningen stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)