Man (40) flechtet nei ûngelok

© ANP XTRA
In 40-jierrige man út Drachten is tongersdeitejûn op de Boargemaster Wuiteweg yn Drachten oanholden nei't er op de A7 in ûngelok feroarsake hie en dêrnei trochriden wie. De man botste op de A7 by Terwispel op in foarlizzer. De foarlizzer, in 22-jierrige man út Grins, fermindere snelheid om't der oan de dyk wurke waard. De Drachtster naaide nei it ûngelok út.
De man koe efkes letter oanholden wurde. Doe siet der lykwols in oare man efter it stjoer. Beide manlju hiene tefolle dronken. It rydbewiis fan de Drachtster is ynnaam.
De plysje makket proses-ferbaal op.