Man (37) oanholden yn Sânhuzen

16 aug 2013 - 10:39

De plysje hat yn 'e nacht fan tongersdei op freed in 37-jierrige man út Noardwâlde oanholden op de Aldeberkeaperwei yn Sânhuzen. De man ried mei snelheden fan sa'n 150 kilometer oer de dyk en negearre in stopteken fan de plysje. Uteinlik stoppe de Noardwâldster by de Hoefslach.

Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie. Boppedat wie syn rydbewiis ûnjildich ferklearre. De plysje makket proses-ferbaal op tsjin de man.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)