Belch betaastet frou yn Harns

16 aug 2013 - 10:33

In 38-jierrige man út België is tongersdeitemiddei oanholden yn Harns, nei't er in frou betaast hawwe soe yn in restaurant oan de Foarstrjitte. Neffens de 26-jierrige frou út Noordenveld soe de Belch har betaast hawwe en besocht er har te tútsjen. Se skeakele fuortendaliks de plysje yn.

Mei har sinjalemint koe de man yn de buert fan it restaurant oppakt wurde. De plysje docht noch ûndersyk.

Trefwurden: 
Harns betaasting Belch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)