Ynjebetinking It Hearrenfean

Op it Gashoudersplein op It Hearrenfean fûn tongersdeitejûn de jierlikse betinking plak fan de Japanske kapitulaasje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje yn de Twadde Wrâldoarloch. By de betinking waard stilstien by de fiif Hearrenfeansters dy't as militêr sneuvelen yn de striid yn Ynje. Harren nammen stean op in monumint dat troch it feteraneplatfoarm Hearrenfean oprjochte waard.
Foar de minút stilde waarden in tal taspraken hâlden. De betinking waard ôfsletten mei in kop kofje yn keunstsintrum de Heerenveense School.