CU wol sifers oer spoekboarger

15 aug 2013 - 22:08

De ChristenUnie Ljouwert wol fan it kolleezje witte hoe folle spoekboargers yn Ljouwert wenje. Dat binne ynwenners wêrfan't gjin adres bekend is. De partij hat skriftlike fragen steld oer falske ynskriuwings yn de Gemeentlike Basis Administraasje.

Ut ûndersyk docht bliken dat bedriuwslibben en gemeenten elts jier miljoenen misrinne troch spoekboargers. Oant july 2013 wie der in spesjale amtner belêste mei it útsykjen fan adreskontrôles. De ChristenUnie wol witte of it kolleezje sicht hat op de hichte fan de ynkomsten dy't se misrinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)