Frisian Egg bliuwt yn Egypte

15 aug 2013 - 20:52

It bedriuw Frisian Egg út Drachten krijt foar de festiging yn Egypte noch hieltyd nije oarders binnen. Ek de produksje giet gewoan troch. Wol is eltsenien by it bedriuw waaks fanwege de ûnrêst yn de ôfrûne tiid, seit direkteur Jappie Stuiver.

Frisian Egg leveret grûnstoffen oan de fiedingsyndustry, dy't brûkt wurde foar it meitsjen fan bygelyks cake, koekjes en mayonêze. It Drachtster bedriuw hat in kantoar yn Caïro en in fabryk op sa'n 140 kilometer fan de haadstêd.

In soad Nederlânske bedriuwen hawwe troch it oprinnende geweld yn Egypte de ôfrûne dagen harren kantoaren sletten of de aktiviteiten oanpast. Yn febrewaris 2011 moast Frisian Egg de doarren al ris koarte tiid slute troch it geweld.

Trefwurden: 
Egypte ûnrêst Frisian Egg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)