Frou út auto helle nei botsing

By in ûngelok op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert moast tongersdeitemiddei de brânwacht der oan te pas komme om in frou út har auto te heljen. De frou botste mei har Suzuki Swift op in stilsteande auto. Nei it ferwiderjen fan de doar koe se troch ambulânsepersoniel út de auto helle wurde en is se nei it sikehûs brocht. Hoe't it krekt mei de frou giet, is noch net bekend.
Ferkear ûnderfûn koarte tiid hinder fan it ûngelok om't der mar ien rydstrook beskikber wie.