Skooter wurdt oernommen

It fallite kleankonsern Skooter is oernommen. Hannelsûndernimming Nesia Holding, dy't ûnder oaren de kleansaken Zaza hat, nimt alle festigings oer. Ek sille -foarsafier mooglik- alle 134 personielsleden mei nei de nije eigener, sa meldt kurator Robert Verdonk. De Skooterfilialen bliuwe noch trije moanne iepen, dan folget de trochstart. Zaza is in keten dy't oant no ta gjin festigings yn it Noarden hie. Skooter hat yn it Noarden 23 winkels, wêrfan acht yn Fryslân.
Mei de oername makket Zaza de stap nei it Noarden. De kommende moannen wurdt besluten oft Skooter ûnder eigen namme fierder giet of ûnder dy fan Zaza.