Mear ynspeksje fan dyk en wâl

In meiwurker fan it wetterskip kontrolearret in feankade © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
Wetterskip Fryslân ynspektearret dizze dagen ek de wâlskanten yn it westen fan Fryslân. Begjin dizze wike binne al feandiken en wâlskanten yn it súdwesten fan de provinsje besjoen. Dêrby binne ferskate lytse skuorren fûn. De kontrôles binne der fanwege de oanhâldende droechte. It Wetterskip Fryslân beheart 3200 kilometer dyk en wâlskant. By de nije kontrôle wurdt 1600 kilometer besjoen.