Sportdei yn Eaststellingwerf

15 aug 2013 - 12:32

De gemeentlike sportdei moat wer weromkomme yn Eaststellingwerf, mei help fan de nije buertsportcoaches. Dat fynt wethâlder Sierd de Boer. Eaststellingwerf hat 70.000 euro subsydzje fan it ryk krigen, foar it oanstellen fan de coaches. Dy moatte helpe om de jongeren yn de gemeente wer mear oan it bewegen te krijen. In sportdei foar de skoallen past dêr moai by. De wethâlder rekke ynspirearre troch de Keningsspelen, dy't dit jier hâlden binne by de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander.

Wolwêzensynstelling Scala nimt de nije sportcoaches yn tsjinst. Eaststellingwerf wurket dêrby gear mei Opsterlân en Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Eaststellingwerf sportdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)