Simmerwaar komt werom

© Omrop Fryslân
De simmer komt neffens waarman Piet Paulusma nije wike wer, mei hege temperatueren. Nei in wat wikselfallige perioade rint it kwik nije wike tiisdei wer op nei 23, 24 graden. Nei woansdei wurdt it waarmer mei in pear dagen mei temperatueren fan boppe de 25 graden. Mooglik wurdt it freed of sneon wer tropysk mei 30 graden. Yn it wykein dat dêrop folget, nimt de kâns op tongerbuien ta. Sa't it no liket, folget nije wike in simmerwike mei sinne en strânwaar.