Doodemanskisten leechbaggere

15 aug 2013 - 08:11
  • Doodemanskisten
  • Leechheljen Doodemanskisten

Mei in grutte opknapbeurt moat it dúnmar Doodemanskisten op Skylge wer it bysûndere natoergebiet wurde dat it ea wie. As it wetter fan it marke aanst fan bettere kwalititeit is, kinne de Skylgers de mar ek wer brûke as iisbaan. Omdat it marke follei mei ôffallen blêd woe it net mear tichtfrieze, mar wiene ek de bysûndere planten ferdwûn. De beammen om de Doodemanskisten binne al fuorthelle, dizze wike is de mar leechpompt en set it grûnwurk útein. Dêrfoar is alle fisk opfiske en yn feilichheid brocht. It wurk duorret oant novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)