Ein oan groei Fryske sikehuzen

15 aug 2013 - 07:49

De jierren fan groei binne foarby foar de Fryske sikehuzen. In soad sjirurgen hawwe foar it earst minder pasjinten. Dêrmei liket in ein te kommen oan de taname fan soarchkosten. In mooglike ferklearring foar dy trend is it hegere eigen risiko fan 350 euro, dat begjin dit jier ynfierd is. Minder pasjinten betsjut foar de sikehuzen ek minder winst.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean ûndersiket oft besunigings mooglik binne troch minder opropkrêften yn te setten en meiwurkers te freegjen oeroeren en fakânsjedagen op te meitsjen.

Bestjoersfoarsitter Donkervoort fan it MCL yn Ljouwert hâldt der rekken mei dat it yn de twadde helte fan dit jier dochs noch wer drokker wurdt yn de sikehuzen, as pasjinten har realisearje dat se har eigen risiko mooglik al opbrûkt hawwe en in besite oan de spesjalist gjin ekstra kosten mear mei him meibringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)