Van Erve wer by SC Hearrenfean

Jan van Erve en Robert van der Werf sille oan de slach by SC Hearrenfean by de ôfdieling kommersjele saken. Van Erve wie earder kommersjeel direkteur by SC Hearrenfean en gie in jier lyn fuort. Hy wurke dêrnei as direkteur by FC Emmen. Hy jout as ynterim-direkteur sales lieding oan de ferkeap bûtentsjinst. Van der Werf sil oan de slach as ynterim-manager en is ûnder oare ferantwurdlik foar de kaartferkeap en de Feansjop.
Direkteur Sporre wol de besteande klanten fan de fuotbalklup sa goed mooglik betsjinje en nije klanten binnenhelje.