Ekstreem hege wearden jarregas

14 aug 2013 - 14:00

By it leechpompen fan de jarrekelder yn Longerhou binne woansdei tige hege wearden fan jarregas metten. De wearden lizze folle heger as it nivo dat deadlik is. Boer Postma en in tal fan syn kij waarden tiisdeitejûn net goed doe't de boer jarre oan it miksen wie. De boer koe himsels op tiid yn feilichheid bringe bûten de stâl. Ien ko is deagien troch de gassen. Fjouwer oaren knapten bûten wer op.

It fee is woansdei út de stâl helle en de brânwacht hat de boel oprêden. Brânwachtkommandant Frans Stabel is bot skrokken fan 'e hege wearden.

De Voedsel- en Warenautoriteit docht ûndersyk nei de jarre dy't de boer kocht hat. Ofhinklik fan it ûndersyk kin de VWA fierdere stappen nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)