Earder help by ferslaving

14 aug 2013 - 12:15

Meiwurkers fan Ferslavingssoarch Noard-Nederlân sille tenei faker by húsdokters yn itselde gebou sitte. Dat bart no al yn Ljouwert, Drachten, Warkum en op It Amelân. Dat wurdt útwreide nei in sûnenssintrum op It Hearrenfean. Letter komme der mooglik mear plakken by. Troch yn itselde gebou te sitten is de drompel leger wurden om minsken troch te ferwizen. Dêrmei komme ferslavings earder oan it ljocht en kinne de helpferlieners earder yngripe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)