Undersyk nei ûngelok jarregas

14 aug 2013 - 11:08

De boer yn Longerhou dy't tiisdeitejûn net goed waard troch gassen yn de jarrekelder fan syn bedriuw wol ûndersykje litte hoe't dit barre koe. De boer hie de dong oankocht en is bot skrokken. Hy seit dat hy in soad gelok hân hat oer hoe't it úteinlik ôfrûn is. Hysels en inkele fan syn kij waarden net goed troch de gassen. De boer koe himsels op tiid yn feilichheid bringe bûten de stâl. Ien ko is deagien troch de gassen, fjouwer oaren knapten ien kear bûten wer op.

De boer wie noch mar krekt oan it miksen doe't de kij delfoelen. Woansdei wurde alle 95 stiks fee fan it bedriuw bûten set. De brânwacht sil dêrnei de jarrekelder leechpompe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)