Tredde fertochte noch poater

14 aug 2013 - 11:02

De plysje siket noch hieltyd nei in tredde fertochte yn ferbân mei de klopjacht op de Roemenen, dy't ferline wike sneon op It Hearrenfean op in plysjeauto ynrieden. Tsjûgen hawwe sjoen hoe't by de fytstunnel oan De Zanden trije mannen út de flechtauto stapten. De Roemenen naaiden út by in plysjekontrôle. Se rieden earst yn op de plysjeauto en dêrnei op de plysjes sels. Dy skeaten op de auto. Dêrby is nei alle gedachten ien ynsittende ferwûne rekke, om't de plysje in soad bloed yn de flechtauto fûn. Twa fertochten út Roemenië binne oanhâlden.

Beiden hiene gjin slimme ferwûnings. De plysje hat gjin idee wêr't de tredde fertochte wêze kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)