Staking frustrearret skippers

Foar de staking fan de Dútske slûswachters is gjin begryp mear. Dat seit de skippersferiening Schuttevaer. Woansdei lizze op 'e nij 600 slûswachters it wurk del. Al wiken binne der stakingsaksjes tsjin de reorganisaasje fan de farweitsjinst dêr't in kwart fan de 12.000 banen by ferlern giet. De skea rint yntusken yn de miljoenen.
De slûswachters wolle oant de ferkiezings yn septimber trochgean. Sawol de skippers as de ferladers reitsje hieltyd mear frustrearre. De spannings rinne op, neffens Schuttevaer.