Makkumer bedriget doarwarder
De plysje fertinkt in 65-jierrige man út Makkum fan it bedriigjen fan in doarwarder. De 43-jierrige doarwarder út Anna Paulowna kaam tiisdei by de man op de kamping om wat te bringen. Dy bedrige de doarwarder dêrop mei de dea en fernielde saken oan har auto. De doarwarder skeakele de plysje yn. Dy hat de man meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.