Eksposysje Beatrix útsteld

14 aug 2013 - 07:56
  • Eksposysje Beatrix útsteld
  • Eksposysje Beatrix yn Karmelkleaster

De iepening fan de eksposysje 'Onze Koningin, eerbetoon in foto's' yn it Drachtster Karmelkloaster is mei in wike útsteld. De eksposysje fan 150 ANP-foto's soe kommende snein begjinne, mar de iepening is om reden fan it ferstjerren fan Prins Friso ferpleatst nei 24 augustus.

De eksposysje is in earbetoan yn foto's oan prinses Beatrix. De tentoanstelling wie earder te sjen yn de Beurs fan Berlage yn Amsterdam en luts dêr tûzenen besikers. Under harren ek Beatrix sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)