Jarregassen yn stâl Longerhou

13 aug 2013 - 20:26

In boer en inkele fan syn kij yn Longerhou binne tiisdeitemiddei net goed wurden doe't gassen út in jarrekelder by it miksen de stâl yn kamen. De boer koe himsels op tiid yn feilichheid bringe bûten de stâl. Ien ko is deagien troch de gassen, fjouwer oaren knapten ien kear bûten wer op. De boer hie koartlyn jarre fan in oar bedriuw kocht, dy't by de eigen jarre yn de kelder dien wie. De boer wie noch mar inkele minuten oan it miksen doe't de kij delfoelen. De brânwacht begeliedt woansdei in nije poging de jarre út de putten te heljen.

Dan wurde de kij earst út de stâl helle en sil der kontinu metten wurde. Neffens de brânwacht is de boer ûnder de yndruk fan it foarfal en is er troch it each fan de nulle gien.

Trefwurden: 
brânwacht gas kij jarre boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)