Mear omtinken lânbou-enkête

13 aug 2013 - 18:06
  • Swylje

De Europese Unie freget de hiele Europeeske befolking mei te tinken oer de herfoarming fan it lânboubelied en de gefolgen foar agraryske famyljebedriuwen. Mar mei de bekendheid fan dy enkête hâldt it net oer. Yn it ramt fan de wersjenning fan it Europees Gemeenschappelijk Landbouwbeleid wurdt peild wat de kânsen en bedrigings foar agraryske famyljebedriuwen binne. Steatelid Anja Haga fan de ChristenUnie is benaud dat it lûd fan de Fryske lânbouwers net heard wurdt en wol mear omtinken foar de enkête.

De útkomsten fan dizze enkête steane sintraal op in konferinsje oer de takomst fan de lânbou ein novimber. De enkête kin tusken 2 augustus en 11 oktober ynfold wurde op de webside fan de Europeeske Kommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)