Werynrjochting strjitte B'post

13 aug 2013 - 16:52

Yn Bûtenpost is úteinset mei de rekonstruksje fan de Foarstrjitte. De strjitte wurdt freonliker makke foar omwenners en winkeljend publyk. Dat kin, omdat der tsjintwurdich in stik minder ferkear delkomt. Ferline jier is de ringwei fan Bûtenpost iepene, wêrtroch't trochgeand ferkear net mear oer de Foarstrjitte midden troch it doarp hoecht.

De kosten fan it projekt binne 1.500.000 euro. De ferwachting is dat de strjitte foar de boufak fan 2014 klear is. Winkels bliuwe al dy tiid berikber. Omliedings wurde mei buorden oanjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)