Nije oanpak polder helpt fûgel

13 aug 2013 - 14:24

Foaral strânljippen moatte profitearje fan in yngreep yn de Holwerter Westpolder, neffens Fûgelbeskerming Nederlân. Mei It Fryske Gea wurdt besocht om de ferrûging fan it gebiet oan te pakken. Dy rûchte is ûntstien, omdat hieltyd minder fee weide wurdt. No is it terrein minder geskikt om te bebrieden troch strânljippe. It giet boppedat min mei de soart.

De polder wurdt geskikt makke foar net al te yntensyf weidzjen fan fee. As alles klear is, profitearje net allinnich strânljippen dêrfan, mar ek kluten, wytstirnsen en Noardske stirnsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)