Graffity op winskmuorre

13 aug 2013 - 12:33

Graffitykeunstners sille de winskmuorre fan útfeartferiening De Laatste Eer yn Drachten opknappe. Op de muorre oan de Stasjonswei stiet de sin 'Voor ik sterf, wil ik..'. Foarbygongers kinne de sin ôfmeitsje mei in persoanlike winsk.

Okkerdeis is in part fan de muorre bekladde. Graffitykeunstners sille no in portret meitsje op de muorre. De útfeartferiening hopet dat dat nij fandalisme tsjingean sil.

Trefwurden: 
graffity De Laatste Eer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)