Duo stelt rydplaten

13 aug 2013 - 10:36
  • Oanhâlding troch plysje

De plysje yn It Hearrenfean hat moandeitemiddei twa manlju út Didam (Gelderlân) oanhâlden. It duo hie rydplaten stellen by de sânôfgraving oan de Mercurius.

In tsjûge hie sjoen dat de malju de platen op in frachtwein laden en de plysje warskôge. De twa manlju fan 30 en 36 jier sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)