Trije ferwûnen by Elslo

13 aug 2013 - 10:09

By de oanriding yn Elslo is tiisdei in 21-jierrige ynwenner fan Eaststellingwerf slim ferwûne rekke. De man siet yn de auto by in 22-jierrige ynwenner fan Easterwâlde. De man út Easterwâlde botste yn Elslo op de krusing fan De Riete en de Donkere Weg op de auto fan 59-jierrige frou út Weststellingwerf.

De frou rekke ferwûne by de oanriding en is nei it sikehûs brocht. De bestjoerder út Easterwâlde hie har auto oer de holle sjoen. Hy rekke ek ferwûne, mar hy koe nei behanneling by dokter wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)